Often to understand, we have to look into emptiness – Michelangelo Antonioni
Winter line skean tsjin de apelhôven, liet de mûle in lang swijen, begjin april, spoaren fan lytse hoefdieren yn de snie en oer de mûnier, dêr’t in rûge froast syn flierren sloech, de rop fan in ûle. Earne út nacht syn ûnderwâlen wei kaam in frou, in pear redens om ’e hals, de ring fan it lantearneljocht yn en ferdwûn, in skaad foar har, in skaad achter har, de iisbaan oer, it tsjuster yn. Inkeld útsinnige kiel wie ik doe’t by in hast dierlik oerémisk roppen ik út myn dreamen wekker skeat en mysels weromfûn yn de dize oer de Po-flakten fan Antonioni, dêr’t in kamera oer de sompen glied. Ik seach iisblommen op de ruten, begjin april, sette de ôftiteling stil by de namme fan Anna. Winter line skean tsjin de apelhôven, liet de mûle in lang swijen. Der gie in snijen, sûnder ophâlden.
Een kunstwerk van Hendrik Elings. Dit is een schilderij laat de ijsbaan van Hijum zien en is uit een reeks van kunstwerken die bij de ijsbanen van de Ijsbaankunstroute door heel Fryslân staan.